Nieuws
Iepenloftspul Burgum, de simmer yn de fitrinekast
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
BURGUM – Yn de fitrinekast fan de Burgumer Biblioteek oan de Skoalstrjitte is in bysûndere útstalling te sjen. Yn gearwurking mei it Streekmuseum Burgum is der materiaal te sjen dat ferwiist nei de befrijing fan Burgum no sa’n 65 jier lyn. De útstalling is oant 4 juny 2010 te sjen op de reguliere iepeningstiden.
Op 3 juny 2010 om 21.15 giet it Burgumer iepenloftspul fan 2010 ‘De simmer fan ’45’ yn premjêre. Dit stik spilet yn de tiid fuort nei de twadde Wrâldoarloch en sa’n 25 jier letter. It is basseard op autentike ferslaggen en deiboeken fan froulju út hiel Nederlân. Tineke Hoekstra fan Noardburhum hat it stik yn it Frysk oerset. De regy is yn hannen fan Tineke Broers fan Burgum. Hja hat ferline jier ek ‘Levy’ regisseard.
Spilers en meiwurkers fan dizze produksje komme rûnom út Fryslân wei. Yn in bysûnder dekor fan Jaap Groen wurdt it stik spile. Bysûnder is ek dat der dit jier op 12 juny in ‘lette foarstelling’ is dy’t jûns om 22.00 oere begjint. Op dizze wize komt it ljochtûntwerp fan Martin Sijtsma better ta syn rjocht.
Foar dizze foarstelling is de muzyk spesjaal makke troch Marjan Fennema. It jout in hiel eigen sfear oan dizze oangripende foarstelling. ‘De simmer fan ‘45’ is in oangripend ferhaal oer (ûnberikbere) leafde en echte freonskip.
De foarstellingen binne op: 3, 5, 9, 11, 12 en 15 juny. Kaarten bestelling kin op www.iepenloftspul.nl