Nieuws
Iepenloftspul Burgum op woensdag 13 april 2011
Bergum / Burgum Tytsjerksteradiel
Iepenloftspul Burgum hat nije webside in Burgum
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
BURGUM, Iepenloftspul - Op dit stuit wurd noch drok binnendoar rippeteard foar it Iepenloftspul ‘Bloedbân’. Burgum hat de eksklusive rjochten krigenfan de muzykteaterhit ‘Bloodbrothers’. Sûnt 1988 is dit dé muzykteaterhit fan Broadway en West End yn Londen. De Fryske oersetting is fan Tineke Hoekstra. De regy is yn hannen fan Rieneke de Haan en Theun Plantinga. Bysûnder is dat de leste mei syn lanlike karriêre úteinset is yn it Burgumer iepenloft.
It ferhaal giet oer in twilling dy’t fuortendaliks nei de berte skieden wurdt. Se groeie hiel ferskillend op, komme inoar wer tsjin en wurde freonen, sûnder te witten dat se broers binne. Se wurde sels fereale op itselde famke. Mar dan wurdt it geheim fan harren freonskipsbân ferret. Fan de spilers wurdt in soad frege. Neist akteare moatte hja ek fokale kapasiteiten hawwe foar dizze produksje. Sander Stienstra en Atsje Lettinga nimme it muzikale part foar harren rekkening.
Al in skoftsje is de nije webside fan it iepenloftspul klear en no is it ek mooglik om kaarten te bestellen. Dat kin op www.iepenloftspul.nl De foarstelling fan freed 27 maaie is al hast útferkocht. De útfieringen fan it iepenloftspul binne op 19, 21, 25, 27 28 en 31 maaie 2011 om 21.15 oere yn it iepenloftteater efter De Pleats yn Burgum.