Nieuws
Openlucht theater Burgum op maandag 09 mei 2011
Bergum / Burgum Tytsjerksteradiel
Iepenloftspul Burgum mei live band
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
BURGUM – ‘It kin hast net oars as der moat in live band komme by de útfieringen fan ‘Bloedbân’ yn it iepenloftteater fan Burgum’. Dat wie ien fan de betingsten foar it regy duo Rieneke de Haan en Theun Plantinga om de regy fan de Fryske fersje fan Bloedband foar harren rekkening te nimmen.
Al hiel gau waarden Sander Stienstra en Atsje Lettinga dêr foar frege. Betûft yn de muzyk op harren eigen ‘Muzykpleats’ en mei in sterke drang om in foarstelling ek muzikaal ta in hichtepunt te bringen. Dat moat slachje mei harren eigen band ‘Sa en oaren’. Yn de band is Willem de Groot ferantwurdlik foar it slachwurk, Gerrit Steen foar de basgitaar, Ton Edelijn foar gitaar en Sander Stienstra foar de toetsen. Hja stypje ek sjongeres Atsje Lettinga mei eftergrûnsang. Mar yn de iepenloftproduksje ‘Bloedbân’ wurdt de sang foar it grutste part troch de spilers sels dien.
Spilers ha dus njonken it aktear part harren ek rjochtsje moatten op de sang yn de produksje. Atsje hat harren dêrby holpen.
It risseltaat is te sjen en te hearren yn de seis foarstellingen fan Bloedbân yn it iepenloftteater efter de Pleats yn Burgum op 19, 21, 25, 27, 28 en 31 maaie 2011, om 21.15 oere. De teaterhit fan Broadway en west End belibbet in Fryske premjêre! Plak besprekke kin no middels de webside www.iepenloftspul.nl