Nieuws
Martin Broers op woensdag 28 april 2010
Theater Bergum / Burgum
Kaartferkeap iepenloftspul Burgum set utein!
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
BURGUM - Op in hiel bysûndere datum, 5 maaie, set de kaartferkeap foar ‘De simmer fan ‘45’ útein. Op 3, 5, 9, 11, 12 en 15 juny 2010 sil dit bysûndere stik spile wurde yn it o sa smûke iepenloftteater efter de Pleats yn it sintrum fan Burgum. De populêre tv-searje en it stik binne basearre op autentike ferslaggen en deiboeken fan froulju út hiel Nederlân, dy’t itselde lot ûndergienen.
It stik waard skreaun nei de tv-searje troch Stephan Lang en oerset troch Tineke Hoekstra út Noardburgum. Hja hat al in tal jierren toanielstikken oerset, mar dit is har earste iepenloftspul oersetting. De Simmer fan ‘45 is in oangripend ferhaal oer (ûnberikbere) leafde en echte freonskip. It fertelt it ferhaal fan jonge minsken dy’t inoar moetsje nei de befrijing. Yn dy tiid ûntstiene der gauris relaasjes tusken Kanadeeske soldaten en Nederlânske jonge froulju. Guon soldaten sjogge de kontakten mei Nederlânske famkes as wille meitsje nei in lange oarloch. By oaren ûntstiet werklik in relaasje. De gefolgen bliuwe dan ek net ut. De see en it needlot driuwe har útinoar. 25 Jier letter mei in reüny krije guon fan harren ûnferwacht antwurd op in soad fragen.
Troch it stik hinne is prachtige muzyk ferfljochte. De muzyk en sang yn dizze foarstelling wurde fersoarge troch Marjan Fennema. De regy is op’e nij yn hannen fan Tineke Broers en har assistinte Rita Wijnstra.
Kaarten binne te bestellen (mei reduksje) op de webside www.iepenloftspul.nl.