Nieuws
Martin Broers op vrijdag 04 juni 2010
Bergum / Burgum Tytsjerksteradiel Theater
Oangripende simmer yn Burgum
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
BURGUM – Tongersdeitejûn 3 juni 2010 gie De simmer fan ’45 yn it teater efter de Pleats yn premjêre. Mei har ploech sette Tineke Broers, foar de twadde kear de regy yn Burgum, in prachtich ferhaal del. It stik dat basearre is op de autentike ferslaggen en deiboeken fan froulju út hiel Nederlân pakt fan it begjin oant ein.
It ferhaal oer en spile troch jonge minsken ropt in soad emoasje op en dy wurdt ek oerbrocht op it publyk. Hjir en dêr in grap om it wat lichter te meitsjen en it publyk de kâns te jaan de bûsdoek wer efkes fuort te stopjen. De spilersploech en muzikanten ha in soad stipe krigen fan de minsken fan dekor, ljocht en lûd en de kostúmôfdieling. Alles mei inoar is it in plaatsje. De muzyk dy’t Marjan Fennema makke hat en oan it ein sels ek sa prachtich sjongt is, sûnder immen tekoart te dwaan, prachtich en set alles krekt yn de goeie sfear del.
It ein is oars as de tillefyzje searje, mar dat bringt der ek mear lucht yn. Hoe’t dat komt kinne jo sels sjen op 5, 9, 11, 12 (lette foarstelling om 22.00 oere) en 15 juny om 21.15. Kaarten bestelle wurdt oanret! Op www.iepenloftspul.nl ha jo de kâns om kaarten middels iDEAL mei koarting te bestellen.